|
It Konsultatyf Orgaan (KO Frysk) is yn 1998 ynsteld as advysorgaan fan de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes op grûn fan kêst 7.4 fan it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden.
It Konsultatyf Orgaan advisearret oer de winsken en it ferlet fan de befolking fan Fryslân oer de posysje en de befoardering fan it Frysk yn Fryslân. Sûnt 2009 is it Konsultatyf Orgaan ek ferantwurdlik wurden foar it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden. It Europeesk Hânfest funksjonearret as útgongspunt fan it Fryske taalbelied. De prinsipes fan it Hânfest binne wurdearring foar de eigen identiteit fan de sprekkers fan in minderheidstaal, respekt foar it geografyske gebied dêr’t de taal sprutsen wurdt en de befoardering en beskerming fan regionale talen of talen fan minderheden. It algemiene begjinsel fan nondiskriminaasje is fan tapassing op alle talen dy’t troch Nederlân ûnder diel II fan it Europeesk Hânfest erkend binne. Dit binne njonken it Frysk ek it Nedersaksysk, it Limburchsk, it Jiddysk en de talen fan de Roma en Sinti.
Diel III fan it Hânfest befettet spesifike maatregels dêr’t de partijen minstens 35 maatregels kieze moat. Dêrmei ferplichtsje de partijen harren om maatregels te nimmen op it mêd fan ûnderwiis, rjochterlike autoriteiten, bestjoerlike autoriteiten en iepenbiere tsjinsten, media, kulturele aktiviteiten, ekonomysk en sosjaal libben en kontakten oer de grins hinne. Nederlân hat 48 ferdrachferplichtingen op him naam. It Frysk is erkend as de twadde offisjele taal yn ús lân. Ûnder it Ramtferdrach binne de Friezen as iennichste nasjonale minderheid erkend. It Ramtferdrach konsintrearret him, oars as it Europeesk Hânfest, mear op yndividuele minskerjochten sa as antydiskriminaasje en lykweardichheid fan in persoan dy’t ta in nasjonale minderheid heard.
|
|